Minder banen by Philips Drachten

05 apr 2003 - 00:00

By it Philips-fabryk yn Drachten ferdwine de kommende jierren in pear hûndert arbeidsplakken. Dat meldde de Ljouwerter Krante sneon. De direksje soe in part fan de produksje fan skearapparaten ferhúzje wolle nei Sina.

By Philips Drachten wurkje op it stuit noch 2000 minsken. It is ien fan de bêst rinnende fabriken fan it konsern. Yn Sina wurde no ek al foar Philips ienfâldiger skearapparaten makke. De fakbûnen reagearren ferrast op it nijs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)