Minder auto's stellen yn 2013

26 feb 2014 - 08:05
  • Frachtauto's

Der binne yn Noard-Nederlân ferline jier minder auto's en motors stellen as yn 2012. Dat docht bliken út sifers fan de plysje. Noard-Nederlân foarmet dêrmei, tegearre mei Limboarch, in útsûndering op de rest fan it lân. Dêr waarden krekt mear auto's en motors stellen of bleau it oantal gelyk oan 2012.

De plysje hat de sifers ek útsplitst, sa giet it yn Noard-Nederlân om 381 stellen auto's, 79 frachtauto's en 67 motors. Brommers en snorfytsen binne yn de sifers net meinaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)