Minder apparteminten De Pein

27 jul 2009 - 15:51
  • De bougrûn oan it kanaal yn it hert fan De Pein
  • De bou is útsteld oant 2011

Op it plak fan it âld suvelfabryk yn it hert fan De Pein komme minder apparteminten as pland. Wenningboukorporaasje Accolade woe der 28 bouwe, mar troch de ekonomyske krisis is der gjin belangstelling.

Der komme no allinnich hierapparteminten mei dêrûnder romte foar de hûsdokter en de apteek. De bouplannen rinne troch de oanpassings hast in jier fertraging op. It suvelfabryk fan De Pein is twa jier lyn sloopt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)