Minder animo Ljouwert Culinair

25 maaie 2003 - 00:00

Der dogge dit jier minder restaurants mei oan it evenemint Ljouwert Culinair, dat op 20 en 21 juny hâlden wurdt yn de Prinsetún yn de haadstêd. In tal restauranthâlders is ôfheakke omdat der neffens har te folle alkohol dronken wurdt.

Dat past net by in kulinêr evenemint, sa sizze se. Der binne dit jier 16 restaurants fertsjintwurdige. Dat is in kwart minder as ferline jier. De opbringst giet nei in goed doel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)