Minder animo fuotbaltoernoai

31 jul 2010 - 14:17
  • Mei-elkoar oan 't miel

It tal dielnimmers by it ynternasjonale frouljusfuotbaltoernoai yn Seisbierrum falt dit jier ôf. Sawol teams út binnen- as bûtenlân dogge fanwege in te drok skema net mei.

In tal Belgyske teams lykas Anderlecht docht wol mei en dêrom hâldt it toernoai in ynternasjonaal karakter, mar de organisaasje hie graach mear dielnimmers hân. It toernoai wurdt ien kear yn 'e twa jier organisearre. Yn it ferline diene der meastal tsien teams mei, dit jier mar seis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)