Minder amtners by Achtkarspelen

17 des 2002 - 00:00

De gemeente Achtkarspelen hellet de biezum troch it amtlik apparaat. Fan de achttjin ôfdielings bliuwe sân of acht oer. Dat betsjut dat de gemeente ek mei tsien liedingjaanden minder ta kin. Yn prinsipe hâlde alle 250 amtners wol harren baan by de gemeente.

De reorganisaasje op it gemeentehûs yn Bûtenpost is nedich om liniger en flotter wurkje te kinnen, sa seit de gemeente. Oer twa jier moat de reorganisaasje syn beslach krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)