Minder alkohol foar skippers

23 jul 2010 - 12:14

Fan sneon ôf meie skippers minder alkohol drinke. It promilaasje is werombrocht fan 0,8 nei 0,5. It is no op it Nederlânske wetter itselde as yn de rest fan Europa en ek itselde as op de dyk.

De maatregel jildt foar de beropsfeart en foar boatsjeminsken en is naam om't it hieltyd drokker wurdt op it wetter. Dêrtroch is de kâns op in ûngelok grutter. De plysje sil nei oanlieding hjirfan net ekstra kontrolearje, mar wol earder yngripe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)