Min waar spilet Boat parten

23 jul 2011 - 16:21
  • Foto's: Omrop Fryslân

It minne waar fan sneon hat derfoar soarge dat der folle minder minsken op it evenemint De Boat Giet Oan ôfkaam binne as ferwachte. In ferkearsgaos bleau dêrom út.

Sa'n 200 histoaryske skippen fearen sneon fan Snits oer Skearnegoutum en Weidum nei Ljouwert. De ferwachting wie dat it evenemint oer it folsleine wykein hast 100.000 minsken lûke soe. Yn Ljouwert wie it healwei de middei lykwols noch rêstich op de wâlskanten. De skippen farre moandei fierder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)