Min waar op komst: soad wetter, hagel en wynstjitten

26 aug 2015 - 15:18

We moatte yn Fryslân woansdeitejûn rekken hâlde mei tige min waar. Neffens waarman Piet Paulusma falt der in soad reinwetter. Yn de buien kinne swiere wynstjitten foarkomme mei tonger en hagel. Paulusma hat it oer wynstjitten tusken de 90 en 110 kilometer yn de oere.

It KNMI hat foar woansdeitejûn koade giel ôfkundige. Dit betsjut 'gefaarlik waar'. De warskôging jildt foar hiel Nederlân, útsein Limburch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)