By min waar: it Skipfeartmuseum

02 aug 2006 - 17:08

It Frysk Skipfeartsmuseum yn Snits hat ferline jier in rekordtal besikers lutsen. Yn totaal brochten goed 26.000 minsken in besite oan it museum. Benammen it oantal minsken dat ek de bibliotheek fan it museum opsocht is bot tanaam. Neffens it bestjoer fan it museum hat de hege opkomst foaral te krijen mei it minne waar yn de simmermoannen fan ferline jier.

De ferwachting is dat it tal besikers dit jier wer ôfnimme sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)