Min waar by Dokkum Wouden Omloop

18 mrt 2001 - 00:00

Minne waarsomstannichhheden bepaalden it byld sneon by de Dokkum Wouden Omloop. De foarjiersklassiker oer 185 kilometer waard foar de santjinde kear riden. Fan de 159 hurdfytsers hellen mar 11 de finish, ûnder har in tal Fryske cracks.

De temperatuer lei om it friespunt hinne, it reinde en snijde en der stie in hurde wyn. Björn Cornelissen waard earste, John Talen twad en Sander Hup tred.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)