Min waar brekt keatsers op

17 jul 2003 - 00:00

Min waar bruts de finale fan it keatsen yn Minnertsgea woansdeitejûn op. Yn de finale fan de haadklasse frije formaasje stie it partoer fan Simon Minnesma, Kor Zittema en Marten Feenstra tsjin dat fan Rutmer van der Meer, Henk Vlietstra en Daniël Iseger. De stân by ôfbrekken wie 5-3 en 4-2. Tongersdei om 19.00 oere wurdt de finale útkeatst.

By de froulju wûnen Gejanna Buma, Wiesje van der Berg en Afke Hylkema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)