Min sicht op de Wâldwei

23 des 2009 - 09:27
  • De beskeadige fangrail (foto: Anton Kappers)

In frachtwein soarge woansdeitemoarn foar grutte fertraging op de Wâldwei. De frachtwein rekke troch de glêdens yn in slip en kaam dwers oer de dyk te stean. It ferkear fan Ljouwert nei Drachten waard omlaat. Healwei de moarn is de frachtwein wer rjochtset en wie wer ien rydstrook beskikber.

De plysje ferwachtet dat de dyk goed 10.30 oere wer hielendal frij is. De plysje warskôget wol foar tige min sicht troch de mist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)