Min oardiel Friesland College

01 feb 2010 - 08:19

It Friesland College heart by 64 MBO-skoallen yn Nederlân dy't neffens de Underwiisynspeksje net genôch kwaliteit leverje. It giet om twa opliedings, dy fan ferkeaper en ferkeaper ambulante hannel. Yn beide gefallen foldocht it ûnderwiis net oan de easken.

Op de twa opliedings sitte mei-elkoar 110 learlingen, it Friesland College hat yn totaal hast 9.500 learlingen. De skoalle hat twa jier om wol oan de easken te foldwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)