Min jier foar sylboateferhier

28 aug 2010 - 14:37

De sylboateferhier yn Fryslân hat in drege simmer hân. Dat komt troch de feroaring yn it gedrach fan toeristen. Minsken boeke hieltyd letter har fakânsje en wolle ek mear lúkse en moai waar. Se sjogge earst op 'e buieradar oft it wol droech bliuwt en se der wol op út wolle. Undernimmers moatte dêrom har wurkwize oanpasse.

Sylles foar bern is noch hieltyd populêr, mar de oanmeldings foar sylkampen en lessen foar folwoeksenen rinne bot werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)