Min jier foar motorhannel

02 maaie 2012 - 19:50
  • Motoaren

2011 hat in min jier west foar de motorhannel yn Nederlân. Yn totaal waarden der 11.000 nije motoaren ferkocht. Yn 2008 wiene dat noch 17.000. Fryske motorbedriuwen fernimme dit ek.

Motoport yn Ljouwert fernimt in ferskowing yn motorlân. Der wurde mear brûkte motoaren ferkocht. De nijen dy't wol goed ferkeapje binne faak de minder djoere. Tusken 2005 en 2011 is de ferkeap fan nije motoaren by Motoport Ljouwert mei 20% weromrûn. De motorsaak ferwachtet in lytse groei yn 2012.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)