Min jier foar ierdappelboeren

17 okt 2006 - 17:47

It wurdt in min jier foar ierdappelboeren dit jier. De opbringsten binne min. Dat foarseit it Sintraal Buro foar de Statistyk. Der sil 5% minder ierdappels út de grûn helle wurde. Dat komt troch de hite july-moanne en de wiete augustus.

De lêste kear dat it sa min wie, wie yn 1998. De prognoaze fan it CBS falt noch ta yn ferliking mei eardere skattings fan boere-organisaasje LTO. Dy gienen út fan hast 25% minder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)