Min jier foar de maisboeren yn Fryslân

22 okt 2015 - 22:04

It is in min jier foar de boeren dy't mais ferbouwe. Der wurdt net allinnich minder mais ferboud, mar de kwaliteit is ek nochris minder as ferline jier. Dat seit lânbou-adviseur Berend Terluin fan George Pars Graanhandel. Op dit stuit moat der noch hieltyd in soad mais fan it lân helle wurde, wylst de risping gewoanwei al yn septimber is.

Neffens Terluin koe de mais troch de waarsomstannichheden dit jier net goed groeie. Wy hawwe yn Fryslân in kâlde maitiid en in droege simmer hân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)