Min jier foar de ealjebij

14 aug 2014 - 21:34
  • De Wespenator hat it net drok dit jier

It giet net goed mei de ealjebij. Troch de minne maaitiid binne der in hiel soad kenninginne-ealjebijen sneuvele en dêrtroch binne der folle minder nêsten as oare jierren. Ealjebijbestriders fernimme dat op it stuit bot.

Sa hat Wespenator Jan Duizenstra út Snits mar trije nêsten op in dei om fuort te heljen. Ferline jier wiene dat der noch tsien op in dei. Neffens Duizenstra kin it wol in pear jier duorje foardat it tal ealjebijen wer op nivo is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)