Min jier foar bouboeren

21 sep 2004 - 10:50

It driget op 'e nij in min jier te wurden foar de Fryske ikkerbou. De prizen binne leech. In part fan 'e jirpelrispinge yn Noardwest-Fryslân gie ferlern troch besmetting mei brúnrot. Ek binne der in soad boeren mei in opslachprobleem. Omdat de jirpels wiet fan it lân kamen moatte se droege wurde mei fentilatoaren en dy binne hast net mear te krijen.

Mar, tanksij it knappe waar is 80 persint fan 'e risping al fan it lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)