Min Frysk kuorbalwykein

09 jan 2011 - 16:31
  • Sneu kuorbalwykein foar haadklassers

It wie net in súksesfol kuorbalwykein foar de Fryske haadklassers. Mid-Fryslân ferlear snein mei 24-22 thús fan VADA. Dêrmei liket in topposysje foar de kuorballers út Grou en Reduzum fier fuort.

SCO fan Aldeholtpea ferlear mei 19-17 by AKC en Drachten moast belies jaan tsjin Eibernest: 28-18. Sneon ferspile LDODK út De Gordyk en Terwispel al it earste plak troch mei 21-17 te ferliezen OVVO.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)