Min berikber foar sakelju

22 maaie 2013 - 09:44

De gemeente Kollumerlân is min berikber foar ûndernimmers. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Keamer fan Keaphannel. It gemeentehûs yn Kollum skoart in 4,5 as it giet om telefoanyske ôfhanneling; it beäntwurdzjen fan mails skoart in 6,3. De gemeenten Dantumadiel en Dongeradiel helje hegere sifers. De Keamer fan Keaphannel docht dit ûndersyk om derfoar te soargjen dat der in bloeiend ûndernimmingsklimaat komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)