Min berik by brân Boazum

20 des 2012 - 15:41

De berikberheid fan 'e mobile telefoan by de brân yn Boazum fan oktober wie striemin. Dat stiet yn in evaluaasje fan de asbestbrân dy't de gemeente Littenseradiel makke hat. De gemeente seit neat dwaan te kinnen oan it probleem. In oplossing op dat stuit wie it brûken fan de portofoans fan de brânwacht. Fierders wie ûndúdlik hokker saakkundigen fan bûten der wiene en wat se krekt dienen. In presinsjelist soe neffens de gemeente goed wêze.

Op 11 oktober baarnde in loads ôf yn it doarp. Fanwege asbest moasten 27 huzen ûntromme wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)