Min begjin Harkemase Boys yn neikompetysje

12 maaie 2015 - 23:25
  • Harkemase Boys

De neikompetysje om in plak yn de topklasse is foar Harkemase Boys striemin begûn. Yn Assen waard mei 2-0 ferlern fan ACV. De Boys hiene dúdlik it ferlies fan ôfrûne sneon tsjin Flevo Boys noch net ferwurke, doe waard it kampioenskip ferspile. De ploech krige yn Assen amper kânsen. De thúsploech wie better en makke it ferskil yn de twadde helte. Sneon wachtet foar Harkemase Boys de bekerfinale, tiisdei de wedstriid yn de neikompetysje tsjin Excelsior '31.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)