Min begjin foar Cambuur

06 maaie 2010 - 20:55

Cambuur hat de earste play-off-wedstriid tsjin Go Ahead Eagles ferlern mei 2-0. It wie in wedstriid mei in soad kaarten, de measte dêrfan wiene foar Cambuur. Go Ahead Eagles kaam yn de 27ste minút op foarsprong troch in eigen goal van Cambuur-spiler Van Boxel.

Belangryk momint yn de earste helte wie de reade kaart foar De Visscher en de giele kaarten dêrnei foar Van der Heide en Maachi. Yn de 52 minút waard it 2-0 troch in goal fan Colak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)