Miljoenetekoart by plysje

29 okt 2003 - 00:00

De plysje Fryslân ferwachtet dit jier in tekoart fan trije miljoen. Grutste reden binne de hege kosten fan de automatisearring. Op dit stuit wurdt der wurke oan de ynfiering fan in lanlik kompjûtersysteem, mar dat giet net sa hurd as ferwachte.

De plysje moat no ek de eigen automatisearringstsjinst betelje. Dat kostet ekstra jild. Ien fan maatregels is dat fakatueres tenei yntern opfold wurde. Untslaggen falle foarearst net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)