Miljoenetekoart by Caparis

27 mrt 2008 - 17:39
  • meiwurkers fan Caparis binne tongersdei bypraat oer it tekoart

Caparis hat in finansjeel tekoart fan 5 miljoen euro. Dat stiet yn in rapport, makke yn opdracht fan de oandielhâlders. De direksje fan de sosjale wurkfoarsjenning wol mei de belutsen gemeenten prate oer in oplossing. Der moat besunige wurde, mar der falle gjin twongen ûntslaggen ûnder de 2500 meiwurkers.

Caparis wol mear jild fan de gemeenten ha. De fergoeding foar de meiwurkers moat mei 200 euro omheech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)