Miljoeneskea by brân Spaansen

08 maaie 2012 - 11:08

De brân fan tiisdeitemoarn by sân- en grintbedriuw Spaansen yn Harns hat mooglik wol foar fiif miljoen euro skea soarge. Dat seit de direkteur fan Spaansen. De brân wie yn in transportsysteem, dêr't skippen mei lost wurde. Dat systeem kin net mear brûkt wurde en dêrtroch leit it bedriuw stil. Neffens de direkteur kin dat wol twa moanne duorje.

Salang kin der ek net levere wurde oan boubedriuwen dy't sân en grint ôfnimme fan Spaansen. Neffens de earste berjochten is de brân ûntstien troch laswurksumheden.

De brân by Spaansen yn Harns hat ek gefolgen foar skippers dy't grint en sân by it fabryk ophelje. Sa ek foar skipper Diko Oosse. Hy seach syn ynkomsten letterlik yn reek opgean. Hy moat no nei Amsterdam werom om dêr in fracht op te heljen dy't nei Tiel ferfierd wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)