Miljoenerisiko Wyldemerk

15 feb 2007 - 00:04

Fryslân rint in risiko fan mear as in miljoen euro by it projekt Wyldemerk yn Gaasterlân-Sleat. Dat die bliken troch in e-mail fan de amtners oan de steateleden. Dy hienen al 4,7 miljoen tasein oan de bou fan de nije skoalle by Harich, ûnder betingst dat de risiko's goed ôfdutsen binne.

Deputearre Mulder kin dy garânsje lykwols net jaan. Benammen de FNP makket der in grut punt fan, mar tinkt dat it risiko dochs nommen wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)