Miljoenepublyk Alvestêdetocht

16 jan 2010 - 09:11
  • Taskôgers by de tocht yn 1997

Twa miljoen taskôgers, en 1500 sjoernalisten. Dat is wat der neffens de organisaasje op de folgjende Alvestêdetocht ôfkomt, twa kear safolle as by de lêste Tocht yn 1997. Ek al is it op it stuit teiwaar, de draaiboeken foar it grutste evenemint fan ien dei fan ús lân lizze klear.

De Alvestêdeferiening makket him wol soargen oer de grutte belangstelling, mar hat der tagelyk fertrouwen yn dat de Tocht útdraaie sil op in grut folksfeest.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)