Miljoeneplan foar Tsjummearum

07 apr 2009 - 20:05
  • It ûntwikkelingsplan fan Tsummearum

It doarp Tsjummearum wurdt foar fyftjin miljoen euro opknapt. It gebiet rûn soarchsintrum Nij Bethanië wurdt de kommende jierren hielendal opnij ynrjochte. De M.J. Tamsmaskoalle en de berneopfang krije in nij plak neist de skoalle de Schalmei.

De skoalle, opfang en it soarchsintrum foarmje dan in nij multyfunksjoneel sintrum. Ek de strjitten yn it gebiet wurde oanpakt. Oer acht jier moat alles klear wêze. Tiisdeitejûn wurde de ynwenners ynljochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)