Miljoenenota posityf ûntfongen

18 sep 2007 - 15:23
  • Doekle Terpstra is entûsjast oer de ynvestearringen

Der is út Fryske hoeke posityf reageard op de Miljoenenota, dy't op Prinsjesdag troch keningin Beatrix útsprutsen waard. Foarsitter Doekle Terpstra fan de HBO-ried is entûsjast oer de ynvestearringen yn it ûnderwiis: belangryk foar de hbo's yn Ljouwert en it bedriuwslibben.

CDA-keamerlid Atsma is tefreden en sjocht kânsen foar Fryslân. Wol is er kritysk oer it jild foar de stedswiken wylst it plattelân ek jild nedich hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)