Miljoenen yn iepenbier ferfier

28 nov 2012 - 14:10

Fryslân stekt 24 miljoen euro ekstra yn it iepenbier ferfier yn de provinsje. Dat ha provinsjale steaten woansdei besletten. It jild komt beskikber omdat de oanlis fan it Suderseespoar net trochgiet. Dat soe It Hearrenfean fia Drachten ferbine mei Grins.

De gemeenten Hearrenfean en Smellingerlân meie no bepale wat se mei de 24 miljoen dogge. Opsjes binne ûnder oare it ferbetterjen fan de busstasjons yn beide plakken of in bettere oansluting fan it busstasjon op It Hearrenfean op de sneldiken yn de buert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)