Miljoenen yn digitale sneldyk

05 nov 2012 - 23:04
  • glesfezel troch rioel

Fryslân moat de kommende acht jier miljoenen ynvestearje yn de oanlis fan glêsfezel om by de tiid te bliuwen, oars mist de provinsje aanst de oansluting op de digitale sneldyk. Dat soe neffens deputearre Poepjes in ramp wêze, want de digitale sneldyk wurdt yn de takomst wichtiger as gewoane sneldiken en kanalen.

Op dit stuit is noch minder as 25% fan de Fryske húshâldings oansletten op glêsfezel en 34.000 Fryske húshâldens yn it bûtengebiet hawwe sels noch gjin kabel en kinne net iens op ynternet. Dat binne de saneamde wite gebieten.

Provinsjale steaten moatte ynkoarten in beslút nimme oer dat probleem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)