Miljoenen tsjin fertutearzing

08 sep 2009 - 10:24

Ljouwert is ien fan 'e 40 gemeenten dy't de kommende twa jier 150 miljoen euro krije om oerlêst en fertuteazing op strjitte tsjin te gean. It jild wurdt ûnder oare stutsen yn strjitcoaches. Dy moatte jongerein oanpakke dy't foar oerlêst soargje.

Der wurdt ek hurder optreden tsjin drugs- en alkoholferslaafden. Fierder wurde der buertmentoren ynset om boargers mear te belûken by de gemeente. De 40 gemeenten hawwe dêr moandei in manifest oer ûndertekene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)