'Miljoenen skea fergoedzje'

03 sep 2009 - 19:51
  • Omrin krijt noch jild fan Smellingerlân

Smellingerlân moat de skea fergoedzje dy't Afvalsturing Friesland hân hat trochdat de gemeente de gearwurking opsei. Dat hat de rjochter sein. De gemeente sei it kontrakt op, omdat it ôffal earne oars goedkeaper ferwurke wurde kin. Dêrtroch hie Afvalsturing minder ynkomsten, wylst der in soad ynvestearrings dien binne.

De rjochter fynt dat de skea fergoede wurde moat. Neffens in wurdfierder fan de ôffalferwurker kin it om miljoenen euro's gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)