Miljoenen foar wyk yn H'fean

16 jan 2004 - 00:00

In wenwyk op It Hearrenfean wurdt foar hûnderten miljoenen euro fernijd. De wyk Hearrenfean-Midden, mei 1500 huzen, leit flakby it sintrum. Hûnderten huzen wurde ferboud en geskikt makke foar âlderen. Der komme ek nije huzen. Parkearje yn de wyk kostet neat en it iepenbier ferfier is ek fergees.

It plan is makke troch korporaasje Arqin, soarchsintrum Moerborch en wolwêzensynstelling Caleidoskoop. De fernijde wenwyk moat yn 2020 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)