Miljoenen foar wurkgelegenheid

27 nov 2012 - 22:53
  • jild

Fryske gemeenten krije miljoenen oan Europeesk jild om ûnder oaren 55-plussers oan it wurk te helpen. As âlderen wurkleas wurde, fine se net sa maklik wer in baan. De gemeenten wolle mei it jild staazjeplakken sykje foar de 55-plussers, of opliedingen jaan. Foar 16 Fryske gemeenten is der kommend jier - alles opteld - 6.800.000 euro beskikber. It jild is net allinnich foar it sykjen fan banen foar âlderen. Ek projekten foar minsken mei in hendikep en wurkleaze jongeren kinne der út betelle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)