Miljoenen foar wettertechnyk

22 apr 2014 - 21:04
  • Laboratoarium Wetsus

De wettertechnology yn Fryslân moat yn 2020 oan mear as 2000 heechopliede minsken wurkgelegenheid biede. Dat is de ambysje fan de provinsje. Om de stiging te berikken wurdt der 13 miljoen euro yn de sektor stutsen. It jild is ûnder oare bedoeld om mear wettertechnologybedriuwen nei Fryslân te heljen. Op dit stuit wurkje der sa'n 300 heechoplieden yn de sektor.

Doel is dat Ljouwert it sintrum fan de wettertechnology wurdt. Dêr sitte al de wetterkampus en it bedriuw Wetsus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)