Miljoenen foar Waadprojekten

21 des 2012 - 06:58

It Waadfûns hat oan trije projekten mei elkoar goed fiif miljoen euro subsydzje jûn. It giet om it ferkwelderingsprojekt by Holwert, om in projekt foar duorsum wetterbehear yn seehavens en in demonstraasjeturbine yn de Eemshaven. De trije projekten binne mei de nije wize fan wurkjen fan it Waadfûns beoardiele. Earder wie der krityk op it funksjonearen fan it Waadfûns. Yn dat fûns sitte hûnderten miljoenen, mar der waard net in soad útkeard.

Sûnt oktober wurket it Waadfûns oars. De linen binne koarter wêrtroch't subsydzje-oanfragen flugger behannele wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)