Miljoenen foar sportklups

22 nov 2006 - 10:51

De gemeente Ljouwert stekt de kommende jierren 6,7 miljoen yn de ferbettering fan sportfoarsjennings. Sportfjilden en akkomodaasjes lykas klaaikeamers fan in soad Ljouwerter sportklups binne ta oan fernijing. De sportgebieten fan Nijlân, Kealledykje en de Magere Weide wurde fan dat jild oanpakt.

Njonken ûnderhâld wurdt it jild brûkt foar keunstgersfjilden en moatte klubs wurkje oan nije inisjativen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)