Miljoenen foar spoar Noarden

17 des 2013 - 21:59
  • De treinen moatte stadich oer de spoarbrêge

Steatssiktaris Wilma van Mansveld en de provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel ynvestearje 225 miljoen euro om it spoar by Zwolle op te knappen. It ryk draacht 119 euro by, de provinsjes moatte der oare goed 100 miljoen bylizze.

Der komme ekstra treinen tusken Zwolle en Ljouwert. It spoar tusken Zwolle en Hefte giet fan twa nei fjouwer spoaren. Ek komt der in 'krusing', sadat de treinen út Ljouwert en Grins en dy út Emmen net mear opinoar hoege te wachtsjen. Yn 2021 moat it wurk klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)