Miljoenen foar Harmoniekertier

20 des 2011 - 19:35

De gemeente Ljouwert krijt 5 miljoen euro foar it opknappen fan it Harmoniekertier. It Samenwerkingsverband Noord-Nederland stelt dat bedrach beskikber. Dêrmei binne de totale kosten fan it projekt foar 65 persint dutsen. It gemeentebestjoer is optein oer de bydrage. Earder hie de provinsje al 700.000 euro beskikber steld. Ljouwert is al jierren dwaande mei de oankeap fan gebouwen om skouboarch de Harmonie hinne op it Ruterskertier.

Doel is de fertutearze buert op te knappen en der in soad kultuerfoarsjennings as in nij poppoadium en bioskopen hinne te heljen. De gemeente wol 15 miljoen yn it gebiet stekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)