Miljoenen foar Fryske rotondes

10 apr 2013 - 18:55

Mei de oanlis fan fiif rotondes wol de provinsje de ferkearsfeiligens yn Fryslân oanpakke. Takom jier sille op ferskate krúspunten by op-en ôfritten fan diken de rotondes oanlein wurde. Doel is dat it ferkear better trochstreamd.

By de Wâldwei by Drachten komme twa turborotondes. It ferkear stiet hjir yn de spits faak stil. De ôfrûne jierren ha der al mear as 30 oanridingen plakfûn. Ek by Fryske Peallen, Boalsert en Wolvegea komme rotondes. De totale kosten fan de oanlis binne hast 4 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)