Miljoenen foar Fier Fryslân

14 feb 2013 - 12:38
  • Fier Fryslân

Fier Fryslân krijt trije miljoen fan de Nationale Postcode Loterij foar it helpen fan slachtoffers fan minskehannel. Mei it bedrach sil by it gebou fan Fier Fryslân yn Ljouwert in sintrum boud wurde, dêr't de slachtoffers help krije. It giet dan ûnder oare om help by it dwaan fan oanjefte, mar eventueel ek by it weromgean nei it lân fan oarsprong. Fier Fryslân bout it sintrum mei Terre des Hommes. Op dit stuit is de help oan slachtoffers fan minskehannel noch fersnippere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)