Miljoenen foar De Luts

28 feb 2011 - 21:30

De Luts by Balk wurdt tagonkliker makke foar lytse boaten. De gemeente Gaasterlân-Sleat, provinsje, Wetterskip en Marrekrite betelje de kosten fan 2,9 miljoen euro. De feart wurdt djipper makke en der komme natuerlike wâlskanten.

Toeristyske bestimmingen lykas campings wurde better berikber. Toeristen kinne daliks fan de boat ôf sa de fyts opstappe. Noch dit jier set it wurk út ein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)