Miljoenen fan ryk foar plysje

12 nov 2010 - 18:01

De plysje Fryslân krijt 8,7 miljoen euro ekstra fan it ministearje fan Feiligens en Justysje. Dat is freed bekend wurden. Korpsbehearder Ferd Crone sjocht yn de ekstra bydrage in erkenning dat de Fryske plysje de lêste jierren te min jild út Den Haach krigen hat.

De plysje moat bot besunigje. Der is takom jier acht miljoen euro tekoart en der is 80 miljoen euro skuld. Dat betsjut dat der goed 140 banen ferdwine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)