Miljoenen euro's nei huzebou

24 des 2005 - 12:23

De wenningstifting Weststellingwerf ynvestearret de kommende seis jier tsientallen miljoenen euro's yn huzebou yn de hiele gemeente Weststellingwerf. Dat stiet yn it ynvestearringsprogramma fan de wenningstifting.

De plannen foar ûnder oare nijbouhuzen, soarchwenten en in multyfunksjoneel sintrum smite nei alle gedachten in soad nije banen op yn de regio.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)