Miljoenefraude oan it ljocht

09 feb 2012 - 12:36
  • Justysje

It Iepenbier Ministearje hat fiif fertochten oanhâlden yn in grutte fraudesaak. It giet om trije manlju út De Lemmer en twa ynwenners fan Uithoorn. De fiif soene mei falske gegevens hypoteken ôfsletten hawwe en fraudearre hawwe mei boudepots. It Iepenbier Ministearje kaam de fiif op it spoar nei in melding fan in bank. It soe gean om sa'n tweintich fraudesaken mei in totaalbedrach fan inkele miljoenen euro's.

De trije Lemsters binne ûnderwilens wer frijlitten. Se bliuwe wol fertochte. De Uithoorners sitte yn elts gefal noch 30 dagen fêst.

Alle fiif fertochten soene ek yn it bûtenlân operearre hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)