Miljoeneferlies soarchkonsern

28 maaie 2009 - 22:05

Soarchkonsern Philadelphia, dat ek fjouwer festigingen hat yn Fryslân, hat oer ferline jier in ferlies fan 18,4 miljoen euro makke. It bedriuw makket him ynkoarten los fan it memmekonsern Espria, dêr't it april ferline jier mei fuseard is.

Fuortendaliks nei de fúzje kaam Philadelphia al yn grutte finansjele problemen, troch ferkearde ynvestearingen. In werstelplan moast in fallisemint foarkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)